Greidhoekekompetysje woansdei 30 maaie 2012 yn Easterlittens
De eerste wie kâld mei hurde wyn, de twadde waarm en tropysk, de tredde mei in protte reinwetter sûnder wyn. Mar keatsers binne net foar ien gat te fangen. De belgyske want wer oan, it soe wer oangean. Ek no stride foar de folle winst. Nei twa wedstriden ferlen te hawwen, soe it no wêze moatte om noch in goed plakje yn de finale fan nije wyke te krijen. It fjild wie glêd en men koe sjen dat it wennen wie. De senioaren gongen as in spear útein en stiene samar trije earsten foar, mar doe de Littensers wat oan de omstannichheden went wiene waard der dochs noch krekt ferlen. De junioaren moasten jûn mei syn twa'n it fjild yn. Hoewol der oan de ynset neat oan te merken wie, waard der dochs kânsleas ferlen. Ek de froulju moasten mei syn twa'n keatse. Hja krigen drekt in earst om de earen, mar doe't went wie oan it glêde fjild waard der dochs wûn. Foar Mantgum kamen yn it fjild: Senioaren: Wilco Fopma, Jan Geert Nutma en Richard de Graaf Junioaren: Jehannes Muller en Jasper Visser Froulju: Baukje Stienstra en Ilse Noorman Utslach Easterlittens - Mantgum: 2 -1 Senioaren: 5 - 3 6 - 2 Junioaren: 5 - 0 6 - 6 Froulju: 3 - 5 4 - 6 Nije wyke binne de finales yn Sint Annaparochie. It begjint om 18.30 oere en Mantgum moat drekt los om it 5e en 6e plak. We gean wer foar de winst. JN
Geplaatst op 01 June 2012